Húsmaster Joop van der Veen fan PC Frjentsjer ferstoarn

12 nov 2016 - 16:04

Joop van der Veen fan de keninklike PC yn Frjentsjer is sneon hommels ferstoarn yn Ingelân. Hy wie dêr foar in autorally en waard ynienen net goed. Reanimaasje hat net mear holpen. Van der Veen siet sûnt 2008 yn de permaninte kommisje. Hy wie as húsmaster ûnder oare ferantwurdlik foar de kaartferkeap en de ûntfangst fan gasten. Joop van der Veen is 50 jier âld wurden.

Oare leden fan de PC wiene tafallich byinoar, doe't se it nijs hearden. "We ha earst wol fiif minuten oan de tafel sitten en neat sein. Wat moatte je sizze? It wol noch net by my trochkringe", seit foarsitter Ids Hellinga. "Wy binne in maat kwyt."

(Advertinsje)
(Advertinsje)