Gryn fiert in iuw as beskerme fûgelgebiet

Yn Harns wurdt sneon fierd dat it eksakt hûndert jier lyn is dat it Waadeilân Gryn in beskerme fûgelgebiet waard. Neffens natuerbeskermingsorganisaasjes is it ûnbewende eilân ûnmisber foar trek- en briedfûgels. Yn it briedseizoen lizze der hast 800 nêsten op in bunder lân. Safolle fûgels yn sa'n lyts gebiet, dat sjogge je yn Nederlân fierders hast net, sizze de fûgelwachten.
De hûnderttûzenen fûgels sykje yn it foar- en neijier nei fretten op it drûchfallen Waad rûnom Gryn. By heechwetter hawwe se op it eilân in feilich ûnderkommen.
Briedende stirnzen
In iuw lyn waard begûn mei it beskermjen fan de briedende stirnzen. De fûgels drigen út te stjerren, seit Natuurmonumenten. Oare kustfûgels hiene it ek dreech. Yn 1916 kocht de natuerrorganisaasje it rjocht om it gers op Gryn meane te meien. Tûzen euro koste dat. Sa koene se de grutte stirnzen, dy't dêr aaien hienen, beskermje. Fûgelwachten weitsje sûnt dy tiid oer de rêst op it eilân.
Earder dit jier waard in ekstra wâl oanlein op it eilân, mei sân út de fargeul Blauwe Slenk by Skylge. Wie dat net bard, dan wie Gryn nei alle gedachten yn fyftich jier hielendal fuortspield. Earder wiene der ek al maatregels naam om it eilân te fersterkjen. Dat wie yn de jierren '50 en '80 fan de foarige iuw.