Tûzenen bern ferwolkomje Sinteklaas yn Ljouwert

12 nov 2016 - 12:34

Sinteklaas is sneontemiddei om 12.00 oere oankaam yn Ljouwert. De goedhillichman en syn Piten waarden troch tûzenen âlders en bern opwachte yn de Prinsetún en wolkom hiten yn Fryslân.

Sinteklaas is yn it selskip fan inkeld swarte Piten. Piten mei oare kleuren binne der net. "Dit is elk jaar onderwerp van gesprek", seit Serge Hollander fan it yntochtkomitee. "Wij nemen alleen zwarte Pieten mee. We zullen na afloop van de intocht kijken of we eventueel tot verandering komen."

De stêd Ljouwert en de provinsje hiene it yntochtkomitee frege om in tradisjonele yntocht, seit Hollander.

Trefwurden: 
Sinteklaas Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)