UPDATE: Fryske shorttrackers ride goed yn Salt Lake City

Sjinkie Knegt © schaatsen.nl Soenar Chanid
De Fryske shorttrackers hawwe freed by de kwalifikaasje foar de wrâldbeker yn Salt Lake City goed riden. Daan Breeuwsma en Sjinkie Knegt gean beide op de 1000 meter troch nei de kwartfinale. Knegt is ek heale finalist op de 1500 meter. Itzhak de Laat waard op de 500 en 1000 meter útskeakele. De 17-jierrige debutant Tjerk de Boer út Weidum ried op de 1500 meter in goeie searje en giet troch nei de heale kwartfinale.
Suzanne Schulting wûn har races op de 1000 en 1500 meter wêrtoch se har pleatste foar de kwartfinale en heale finale.
Rianne de Vries is noch net wis fan in plak yn de kwartfinale op de 1000 meter. Sy moat sneon noch in kear in race ride yn de herkânsing. Op de 1500 meter waard se diskwalifisearre. De 19-jierrige Tineke den Dulk út Ljouwert makke in moai debút yn Salt Lake City. Se is heale finalist op de 1500 meter.
Relayploegen winne
Beide Nederlânske shorttrackploegen hawwe de heale finale helle by de wrâldbekerwedstriden. De manljusploech, mei dêryn Sjinkie Knegt, Daan Breeuwsma en Itzhak de Laat, wie in stik rapper as Frankryk, de Feriene Steaten en Turkije. Ek de frouljusploech wie súksesfol. It team mei dêryn Rianne de Vries en Suzanne Schulting wûn har race fan Italië en de Feriene Steaten.