FIDEO: Brûsplak oer klimaatferoaring iepene by Feanwâlden

Hokker ekonomyske kânsen biedt klimaatferoaring? Oer dy fraach sille studinten, ûndernimmers en ûndersikers har bûge. En dat dogge se op in spesjaal ynrjochte brûsplak krekt bûten Feanwâlden. Yn it Bûtenfjild by it doarp is in gebou delset dêr't de ferskate partijen mei-inoar oan de slach kinne. Neist it gebou komt in proeffjild.
Der kin bygelyks ûndersocht wurde hokker gewaaksen it goed dogge yn wetterbergingsgebieten. Planten dy't oer wiete fuotten kinne dus. En fan dy planten wurde dan wer nije produkten makke.