Strjitrôver krijt sel foar it oanfallen fan twa froulju

11 nov 2016 - 22:48
Justysje - Foto: ANP XTRA

In Poalske strjitrôver is troch de rjochtbank yn Ljouwert ta 18 moanne selstraf feroardiele foar de berôving fan twa froulju yn Ljouwert en Feanwâlden. Dat barde ein juny dit jier. Benammen de oerfal yn Feanwâlden wie tige gewelddiedich.

Yn Ljouwert hie hy in frou fan 50 berôve. Op it treinstasjon yn Feanwâlden treau de Poal in frou fan 23 jier om en besocht mei geweld har telefoan te pakken. De frou fersette har en de oerfal mislearre. Letter koe de oanfaller yn de buert fan it stasjon oppakt wurde.

It slachtoffer hat noch altyd lêst fan har ribben. De rjochtbank bepaalde dat er har 725 euro fergoeding betelje moat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)