Delegaasje KH2018 besjocht krimp op Japansk eilân

11 nov 2016 - 22:38

In delegaasje fan Kulturele Haadstêd, PeerGroup Drinte en IBA Parkstad út Heerlen hawwe fjouwer dagen op besite west yn Japan. Se gongen nei it eilân Kyushu, dat lykas as Fryslân te krijen hat mei krimp. De besite stie yn it teken fan it útwikseljen fan kennis oer de problemen dy't in krimpregio opsmyt.

Doel is ek dat der in groep Japanners nei Fryslân komme sil, om te sjen hoe't wy hjir omgean mei de krimp.

(Advertinsje)
(Advertinsje)