It Bilt moat flink besunigje

De gemeente It Bilt moat takom jier opnij tonnen besunigje. Dit jier moast dat ek al. Yn de perspektyfnota hâlde B & W foar takom jier rekken mei in tekoart fan hast in heal miljoen euro. De oarsaak is de grutte ôffaller by it opknappen fan de kade yn Sint Anne, mar ek in legere útkearing fan it ryk.
It foarstel is no om minder út te jaan oan nije diken en it ûnderhâld fan de plantsoenen. Fierder krije de bibleteek, de sportklups of it swimbad miskien wol minder jild. De gemeenteried moat der noch in beslut oer nimme.