FIDEO: Hemmen bliuwt posityf oer prestaasjes SC Cambuur

11 nov 2016 - 22:01

Michiel Hemmen belibbe mei SC Cambuur fan 2012 oant 2015 de suksesfolste perioade út syn karriêre. Mei 17 doelpunten hie hy dan ek in grut oandiel yn it lêste kampioenskip fan de Ljouwerters yn de Jupiler Leauge. Hy keas yn 2015 foar in aventoer by it Sweedske Häcken, mar dat waard gjin sukses. Nei in pitstop by Excelsior helle Cambuur him werom.

Dit seizoen rint it noch net echt goed mei de man út Zaanstad. In blessuere hold him in skoft oan de kant en yn de wedstriden dat er wol spile, gong it ek net fantastysk. Dochs bliuwt Hemmen posityf.

(Advertinsje)
(Advertinsje)