Twa Ljouwerters moatte de sel yn

Finzenis © Omrop Fryslân
De plysje hat freed twa Ljouwerters oppakt dy't noch in finzenisstraf útsitte en in boete betelje moasten. It giet om in 26-jierrige Ljouwerter dy't noch 14 dagen sitte moast en in 41-jierrige Ljouwerter dy't noch 479 euro betelje moast. De lêste waard by syn wenning oanhâlden. Hy besocht noch fia in rút út te naaien, mar dat slagge net. Hy koe de boete úteinlik net betelje en krige dêrom fiif dagen finzenisstraf.