Duorsume oplossing betocht foar te hege fosfaatproduksje

11 nov 2016 - 21:26

Agraryske Natuerferiening Noardlike Fryske Wâlden hat in duorsume oplossing betocht foar de te hege produksje fan fosfaat troch de melkfeesektor. Se stelle foar om in grûnbûn belied yn te stellen, wêrby't der gemiddeld twa kij de bunder yn de greide stean meie. Neffens de NFW kin Nederlân allinne sa omgean mei it fosfaatoerskot.

Der wurdt op it stuit te folle fosfaat produsearre, omdat it tal kij bot tanaam is nei it ôfskaffen fan it molkkwotum. De Europeeske Kommisje driget no mei boetes.

It plan fan steatssekretaris Van Dam foar in fosfaatrjochtenstelsel is troch Europa ôfkard. Dêrtroch driget in finansjele strop foar Nederlânske melkfeehâlders.

"Ik tink dat it fierwei it earlikst is dat we no gean nei in systeem dêr't it tal hektare bepaalt hoefolle kij dat je ha meie. Dêrmei soargje wy der ek foar dat it nea wer boppe it plafond útkomme sil. En dêrmei soargje we foar in sûne takomst foar de melkfeehâlderij", sa seit Attje Meekma, foarsitter fan de Noardlike Fryske Wâlden.

(Advertinsje)
(Advertinsje)