Goed 550.000 euro foar nije brânwachtpakken

11 nov 2016 - 20:46
Foto: Omrop Fryslân, Lennie Bronsveld

De Feilichheidsregio Fryslân stekt oant 2021 mear as 550.000 euro yn nije pakken foar de brânwacht. Se moatte in twadde pak ha, nei't earder dit jier bliken die dat se in ferhege kâns op kanker ha fanwege de reek en roet by brannen.

De reek en it roet bliuwe op de pakken sitten en dy moatte dêrom skjinmakke wurde. Om foar te kommen dat de brânwachten ûnder it waskjen fan harren pakken net ynsetten wurde kinne, moatte se in twadde unifoarm ha. De Feilichheidsregio wol ek fjouwer waskerijen ynrjochtsje foar it skjinmeitsjen fan de pakken.

Hjir wurdt kommende woansdei oer praat troch it bestjoer.

(Advertinsje)
(Advertinsje)