Berne-aktiviteitesintrum 'Dyn Dei' offisjeel iepene

11 nov 2016 - 20:30

It berne-aktiviteitesintrum 'Dyn Dei' yn Aldeboarn is freed feestlik iepene troch boargemaster Tjeerd van der Zwan. It sintrum biedt skoalbern fan fjouwer oant en mei tolve jier tal fan aktiviteiten rjochte op ûntwikkeling en kreativiteit. It is in inisjatyf fan de famylje De Vries, dy't yn Akkrum berne-opfang fersoarget. 'Dyn Dei' hat in plakje yn it hert fan Aldeboarn yn it opknapte pân dêr't earder it postagintskip siet. 

De iepening wie mei opsetsin op de dei fan SInt Maarten, sadat de bern der ek sels by belutsen wurde koene. Foarôfgeand oan de lampionne-optocht troch it doarp wiene der noch pankoeken foar alle bern.

(Advertinsje)
(Advertinsje)