Saak tsjin ien fertochte fan minskehannel útsteld

De saak tsjin ien fan de fertochten yn de grutte minskehannelsaak dy't dizze wike behannele wurdt by de rjochtbank yn Ljouwert is freed oanhâlden. Fanwege medyske redenen koe de fertochte frou net ferskine yn de rjochtseal. De frou tsjinne dêrom in fersyk yn om de saak oan te hâlden. Neffens Bart Canoy, advokaat fan ien fan de oare fertochten, koe de rjochtbank yn dit gefal net oars dwaan as it fersyk tawize.
"It is in belangryk rjocht om by dyn eigen proses oanwêzich te wêzen, ast ferhindere bist sil de behanneling letter plak fine moatte." Neffens de advokaat moat de rjochter in ôfwaging meitsje tusken persoanlik belang en it belang dat tsjinne is by in rappe behanneling fan de saak.
Yn dit gefal spilet de saak oer de minskehannel al inkelde jierren. De rjochtbank hat de saken tsjin de oare seis fertochten wol fierder behannele, troch dizze te splitsen fan de saak dy't oanhâlden is.