Bewenners Ljouwerter Oranjewyk dogge DNA yn buiskes

11 nov 2016 - 19:56

Bewenners fan de Oranjewyk yn Ljouwert meie as earste buert yn de stêd in DNA-buiske folje mei persoanlik guod. Dit yn it ramt fan it community-art projekt DNALWD2018, in produksje fan Kulturele Haadstêd. It doel is dat alle Ljouwerters har ferhaal yn in buiske dogge en dat der sa ien grut DNA fan Ljouwert ûntstiet.

Nei de Oranjewyk is hieltyd in oare wyk oan bar. Yn 2018 sil it komplete keunstwurk mei de buiskes te sjen wêze yn de hal fan it Ljouwerter stedskantoar.

Alle minsken dy't in buiske folje, leverje der ek in ferhaal by yn. Alle ferhalen binne werom te finen op de webside fan DNA Ljouwert.

(Advertinsje)
(Advertinsje)