Fryske reedrydsters falle net yn 'e prizen yn Sina

De Fryske reedrydsters hawwe freed gjin prizen wûn by de wrâldbekerwedstriden yn it Sineeske Harbin. De froulju rieden de 500 en de 3000 meter. By de 500 meter klokte titelferdigener Heather Richardson-Bergsma (de frou fan Jorrit Bergsma, dy't útkomt foar Amearika) 38.39 sekonden. Goed foar in fiifde plak. Reedrydster Marrit Leenstra waard op dizze ôfstân alfde mei 38.99.
Op de 3000 meter waard Antoinette de Jong fjirde. Se ried de ôfstân yn 4.10.03. Ireen Wüst ried in minne wedstriid. Se waard sânde mei 4.11.76 op de klok.
Har minste 3000 meter yn seis jier, sa sei Wüst tsjin de NOS, dy't frege wat der no krekt mis gong. "Ik weet het niet. Ik voel me goed. Het schaatsen gaat de hele week al lekker. Ik reed deze week bijzonder hard op een baan als deze. Ik had er vertrouwen in. Het begin ging goed, maar ik moest al best snel werken. Toen ik daarna nog harder moest werken, liep het niet meer. Technisch schaam ik me wel een beetje voor die laatste rondjes. Ik doe mijn best, maar ik kreeg er niets meer uit."