Frou omkaam by brân Kollum

17 maaie 2012 - 10:24

By in brân yn in wenning oan de Wâlddyk tusken Kollum en Aldwâld is tongersdeitemoarn betiid in 80-jierrige frou om it libben kaam. In foarbygonger seach krekt foar sânen reek út it dak kommen. Dy soe deryn mar dat slagge net fanwege de hjitte. De alarmearre brânwacht hat de bewenster út it hûs helle, mar doe wie se al ferstoarn.

Hoe't de frou krekt om it libben kaam is, is noch net bekend. Ek de oarsaak fan de brân wurdt noch ûndersocht.

Trefwurden: 
brân Kollum Aldwâld
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)