Ljouwerter bern yn it middelpunt op NFF

Fjouwer jonkjes en famkes út Ljouwert binne de lêste tiid folge foar in film. Dizze films geane freed op it Noordelijk Filmfestival yn premjêre. Se binne ûnderdiel fan it projekt 'Look@me' fan Kulturele Haadstêd en Kunstkade. De koarte films gean oer it libben fan de bern, dy't faak wat meimakke hawwe, lykas in skieding of pesten.
Profesjonele filmmakkers hawwe mei studinten fan de oplieding D'Drive de film opnommen. It is de bedoeling dat der yn totaal sechstjin fan sokke films makke wurde.
Mensjesrechten
Fierder is der ek in selde soarte film makke oer in fyfde bern út Ljouwert troch de EO/Ikondocs foar de dokumintêrerige Mensjesrechten. Ek dizze film giet freed yn premjêre. Finster op Fryslân, in gearwurking fan de Fryske media, folget it projekt 'Look@me'. Sjoch op finsteropfryslan.frl yn 'e gaten foar in ferslach fan de premjêre.