Skilderij mei inket fan 95 miljoen jier âld yn Natuermuseum

Yn Natuermuseum Fryslân yn Ljouwert is de tentoanstelling 'Et annet stedt, en annen tid' iepene. Dat is Noarsk foar 'In oar plak, in oare tiid'. Yn de tentoanstelling binne skilderijen en tekeningen fan de Ljouwerter keunstner Esther van Hulsen te sjen. De namme fan de tentoanstelling is in ferwizing nei it feit dat Van Hulsen tsjinwurdich yn Oslo wennet en op in protte fan har ôfbieldings dinosaurussen te sjen binne
Ien skilderij is hiel bysûnder, want dat is makke mei inket fan 95 miljoen jier âld. De inket is ôfkomstich fan in fossyl fan in inketfisk.