Minnertsgea krijt de supermerk werom

© Omrop Fryslân, Miranda Werkman
Minnertsgea krijt wer in supermerk. Lokale ûndernimmers hawwe de winkel kocht. In opmerklik inisjatyf. Se dogge dit omdat se it fan belang fine dat ynwenners yn eigen doarp boadskippen dwaan kinne. "It is fan libbensbelang foar in doarp. In winkel is mear as allinne in plak om te boadskipjen. It is ek in plak om inoar te moetsjen, fandêr dat wy deryn ynvestearje" seit ien fan de ûndernimmers dy't net mei namme neamd wurde wol. "De lêste hantekens moatte noch set wurde. Mar dan hoopje wy dat foar de kryst de doarren iepen kinne".
Pleatslik Belang is wiis mei it inisjatyf fan de ûndernimmers en neame it 'in boppeslach foar it doarp'.