Sint Marten: wat wol en foaral ek wat net yn hûs te heljen

11 nov 2016 - 15:54

Sint Maarten, ien fan de pear dagen yn it jier dat je as bern gjin straf krije as je tefolle snobbersguod nei binnen ta wurkje. Freedtejûn is it wer safier en sille tûzenen bern by de Fryske doarren del om op dy wize safolle mooglik swiete traktaasjes op te heljen. En elkenien dy't wolris mei Sint Maarten by de doarren del west hat, wit dat net al it snobbersguod itselde is. Mar hokker traktaasjes binne de grutte hits, en mei hokker snobbersguod soene je de planke folslein misslaan.

Wy diene in ynventarisaasje en kamen út op de folgjende twa top trijen.

It bêste snobbersgoud mei Sint Marten:

1. Sûkelarjerepen lykas Mars of Milky Way

2. Lollys

 

3. Miks fan lytse suertsjes yn in pûdsje

De minste traktaasjes mei Sint Marten:

1. Mandaryntsjes

2. Rezyntsjes​

3. Guod dat de buorlju noch yn de kast hiene, om't se Sint Marten fergetten binne (faak kleverich)

 

Trefwurden: 
Sint Marten
(Advertinsje)
(Advertinsje)