Man moat smertejild betelje fanwege Facebookberjocht

Justysje © Omrop Fryslân
In man út Ternaard moat smertejild betelje oan twa pearen út Ferwert. Hy hie op Facebook set dat se yn jonge hûntsjes hannelje dy't yllegaal ymportearre wurde. De man fielde him dêr net skuldich oer, omdat er de tekst kopiearre hie fan de webside koophiernooiteenpuppy.nl.
De Ternaardster wie frustrearre omdat de man fan ien fan de pearen hieltiten frijút giet by tsjustere saakjes, sa sei er tsjin de rjochter. Mar dy fûn it net goed wat er dien hie.
De fertochte moat de pearen elk twahûndert euro jaan en hy krijt in boete fan twahûndert euro ûnder betingst.