Gemeenten fernuvere en lilk oer oersjoch soarchjild

Sosjale helpferliening © ANP XTRA
Ferskate gemeenten binne lilk en fernuvere oer it oersjoch fan it soarchjild dat se ferline jier útjûn ha. Minister Plasterk fan Binnenlânske Saken hat dat oersjoch earder fan 'e wike ferspraat. De gemeenten sizze dat de sifers net doge. Fryske gemeenten soene neffens it oersjoch ferline jier 72 miljoen euro oan soarchjild oerholden ha. Hearrenfean soe fan de 54 miljoen oan Ryksjild, hast 17 miljoen oerhâlden ha.
Flater
In wurdfierder fan de gemeente seit dat der in flater makke is. Hearrenfean hat krekt in miljoen euro mear útjûn oan soarchjild as dat de gemeente fan it Ryk krigen hie. In wurdfierder fan Binnenlânske Saken seit dat de sifers basearre binne op gegevens dy't de gemeenten sels oanlevere ha. Mar ek Skiermûntseach seit dat de sifers net kloppe.
Tekoart oan budzjet
Neffens it ministearje hie dizze gemeente net genôch oan it Ryksbudzjet en ûntstie der in tekoart. Mar Skiermûntseach seit dat der ferline jier krekt in lyts oerskot wie. De gemeenten wolle dat it ministearje in nij oersjoch publisearret. It ministearje hat sein gau mei in neiere analyze te kommen.