'De stim fan de Omrop' hâldt op

12 nov 2016 - 15:30

Jo hawwe him miskien noch nea sjoen, mar syn stim kenne jo út tûzenen: Rein Tolsma. Jierrenlang wie Tolsma dejinge dy't de programma's, de presintatoaren of de radiospultsjes oankundige as saneamde 'Station Voice'. Dêrnjonken wie er ek ferslachjouwer, en presintator fan it populêre radioprogramma Prelude. Takom wike nimt er nei 37 jier ôfskied fan Omrop Fryslân, en komt der in ein oan in lange tradysje. Om dêr no by stil te stean diene wy in koarte Q&A mei de stim fan de Omrop.

Hoe sjochsto werom op dyn tiid by Omrop Fryslân?
Ik sjoch der posityf op werom, foaral myn sjoernalistike perioade as ferslachjouwer foar de nijsredaksje radio en letter as einredakteur en programmalieder. It is gewoan in boeiend fak en dat de Omrop wat betsjut yn de Fryske mienskip makket it noch oangenamer!

Wat is dy it measte bybleaun, of oars sein, wat wie dyn hichtepunt by Omrop Fryslân?
De jierren sa tusken 2002 en 2010 as lid fan de haadredaksje, in tiid fan groei en bloei mei withoefolle nije TV programma's en in tiim fan entûsjaste einredakteuren en programmamakkers.

Do hast fansels lange tiid dé stim fan Omrop Fryslân west, bist wolris op dyn stim herkend?
Hiel inkeld seit immen yn in winkel: wêr ken ik jo fan? Mar it moaie fan presintaasje op radio is krekt dy anonimiteit

Hoe dreech wie it om al dy jingles wer op in goeie en orizjinele wize yn te sprekken?
Dat wie net dreech, men kin it net echt oanleare mar as men it kin is it maklik!

Prelude wie miskien wol ien fan dyn suksesfolste programma's, hoe komt it dêr dalik mei?
Dat sil bêst goed komme, ik gean troch mei de presintaasje. Foar de gearstalling binne genôch betûfte kandidaten te finen want it is om samar te sizzen 'tankber wurk'.

Wat silst no dwaan no't it wurk by De Omrop derop sit?
Ik ha al in jier as wat yn dieltiid wurke en bin faker net as wol by de Omrop. Myn erfaring is dat ik my noait ferfeel dus dat sil fêst goed komme!

Snein yn radioprogramma Buro de Vries in petear mei Rein Tolsma. De útstjoering is fan 11.00 oant 13.00 oere en sneintejûns is it programma nochris te beharkjen om 21.00 oere.

Trefwurden: 
Q&A Rein Tolsma
(Advertinsje)
(Advertinsje)