Gjin ynbraken op Skiermûntseach, Ljouwert boppe gemiddelde

11 nov 2016 - 10:53
Foto: Omrop Fryslân

Op Skiermûntseach is ferline jier net ien slachtoffer wurden fan wenningynbraak. Ek op de oare Waadeilannen waard net in soad ynbrutsen. Op Flylân en Skylge ien kear en op It Amelân fiif kear. Dat docht bliken út sifers fan it CBS, it Centraal Bureau voor de Statistiek. Yn Nederlân wienen der yn 2015 fiif wenningynbraken per tûzen ynwenners. Yn Fryslân sit allinnich de gemeente Ljouwert dêr boppe. Mei goed achthûndert wenningynbraken, gie it dêr omrekkene om acht per tûzen ynwenners.

Ek it tal geweldsmisdriuwen leit yn Ljouwert heger as it lanlik gemiddelde fan fiif per tûzen ynwenners. Hjir komt de gemeente Ljouwert ek út op acht geweldsmisdriuwen per tûzen ynwenners. Smellingerlân sit mei seis geweldsmisdriuwen per tûzen ynwenners ek boppe it lanlik gemiddelde. Op Flylân wienen ferline jier tolve geweldsmisdriuwen, op Skylge santjin, op It Amelân sechtjin en op Skiermûntseach sân.

Trefwurden: 
ynbraak CBS geweld
(advertinsje)
(advertinsje)