Aldehou moaiste toer?

16 maaie 2012 - 20:13
Foto: Omrop Fryslân

De Ljouwerter Aldehou docht mei oan de ferkiezing fan de moaiste tsjerketoer fan Nederlân. Dy ferkiezing wurdt organisearre troch it radioprogramma fan Hans van Willigenburg op de sneintemoarn. Alle wiken komt ien tsjerketoer oan bar yn it programma.

Minsken kinne sels har favoryt oanmelde. De Aldehou is opjûn troch Margaret van der Geest fan Ljouwert. De útslach fan de ferkiezing wurdt begjin oktober bekend makke.

(advertinsje)
(advertinsje)