Gebrekkige kennis fan Dútske taal kostet Noarderling jild

11 nov 2016 - 09:35

Ynwenners fan de trije noardlike provinsjes litte in soad kânsen op wurk yn Dútslân lizze omdat se de taal net machtich binne. Dat seit de Grinzer Dolf Vogd, honorêr konsul fan Dútslân foar de trije noardlike provinsjes. Vogd krige tongersdei yn it Post Plaza hotel yn Ljouwert it krús fan fertsjinsten fan de bûnsrepublyk Dútslân útrikt foar syn wurk hjir yn de ôfrûne fyftjin jier. Hy seach yn dy jierren dat de bannen tusken de trije noardlike provinsjes en Dútslân wol in stik sterker wurden binne en dat de hannel tanaam is.

Mar tagelyk is de oandacht foar en de kennis fan de Dútske taal hjir bot werom rûn. Dat soe neffens him gau feroarje moatte.

It regear yn Den Haach soe neffens him it Dútske ûnderwiis op legere en middelbere skoallen stypje moatte, benammen yn de grinsstreken. Yn dy streken leit de wurkleazens faak tusken de 15% oant 20% wylst yn Noard-Dútslân genôch wurk te finen is. Neffens him is de minne behearsking fan de Dútske taal faktor nûmer ien wêrom't Nederlanners net yn Dútslân oan it wurk geane.

Trefwurden: 
Dútsk Dútslân ekonomy
(Advertinsje)
(Advertinsje)