Pasjintestop fan sikehûs Nij Smellinghe is opheft

De pasjintestop yn Nij Smellinghe yn Drachten is foarby. Nije pasjinten kinne fan takom wike ôf wer terjochte yn it sikehûs. De ôfrûne trije wiken wie der allinnich romte foar pasjinten dy't akute soarch nedich hienen. Ofspraken foar nije pasjinten waarden trochskood nei it nije jier. Dizze tydlike maatregel is per direkt opheft. Dat kin, omdat Nij Smellinghe ôfspraken makke hat mei de fersekerders, wêrûnder De Friesland Zorgverzekeraar, Menzis en Zilveren Kruis.
Mear jild
De soarchfersekerders jouwe dit jier ekstra jild. De pasjintestop wie nedich omdat der folle mear pasjinten nei Nij Smellinghe kamen as dêr't it sikehûs op rekkene hie. Hjirtroch waard der ek folle mear jild útjûn. Yn oktober wie it budzjet mei tsien miljoen euro oerskreaun.
Net elkenien kin terjochte
It sikehûs is der noch net út mei de soarchfersekerders VGZ en Multizorg. Minsken dy't hjir fersekere binne, kinne pas wer yn 2017 yn Nij Smellinghe terjochte foar in ôfspraak. Dat jildt foar nije pasjinten, dy't gjin akute soarch nedich ha.