Brânwacht yn aksje om koalmonokside Boerum

11 nov 2016 - 09:13

De brânwacht fan Grypstjerk moast tongersdeitejûn útride nei Boerum foar in koalmonokside melding. In bewenster fan in wenning yn it doarp wie net goed wurden. De brânwacht hat yn en om de wenning mjittingen dien, en dêrút die bliken dat by in kachelspiip koalmonokside frijkaam.

De frou is troch in ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Ljouwert. De helptsjinsten hawwe de wenning dêrnei fentilearre.

Trefwurden: 
koalmonokside Boerum
(advertinsje)
(advertinsje)