Kollum: ''Rabje''

Hilda Talsma (1971) komt fan Warten en is skriuwster. Hilda is troud mei skûtsjeskipper Jelle Talsma. Tegearre hawwe sy fjouwer bern. Yn 2011 ferskynde har earste roman: ‘De Twadde Hûd’. It is it earste diel fan wat letter in trilogy wurde soe. Yn 2016 publisearre sy har, oant no ta, lêste roman: ‘Wyn fan de wierheid’. Har skriuwstyl is flot, meinimmend, humoristysk en werkenber. Hilda is te folgjen op Facebook.
'''It spyt my dat ik wat letter bin, mar ik ha Jacob Stelwagen holpen syn ferlovingsring te sykjen yn ‘e boskjes. Willem Wâldpyk hat ek holpen, mar we koene him net fine.’
‘Hawwe jimme it al heard? Jacob Stelwagen is syn ferlovingsring kwytrekke doe’t er yn ‘e boskjes stie te pisjen op it terrein fan de Omrop. Hy hat tegearre mei Willem Wâldpyk besocht de ring te finen mar oant no ta gjin sukses.’
‘Wat ik no heard ha?! Jacob Stelwagen is by de frou wei! Hy hat de trouring net mear om en is mei Willem Wâldpyk yn ‘e boskjes sinjalearre mei syn leuter út ‘e broek! Op it terrein fan de Omrop noch wol! It moat net mâler!’
‘Moast no ris hearre! Ik ha út betroubere boarne fernommen dat Jacob Stelwagen en Willem Wâldpyk trouwe sille! Se kamen tegearre út ‘e boskjes wei mei de broek op ‘e knibbels en Willem hat in trouring oan Jacob jûn! Is it net romantysk?’
Ik freegje my wol gauris ôf wannear’t je no rabje of gewoan in praatsje meitsje. Boppesteand foarbyld is miskien wat fier socht mar it jout wol oan hoe’t in ferhaal syn eigen libben liede kin sûnder dat it ea de bedoeling west hat.
Ik wenje myn hiele libben al op in doarp en bin ek altyd wol belutsen by it doarpslibben. Fergaderinkje hjir, praatsje dêr en oeral dêr’t minsken binne, binne ferhalen. Dy geane faak oer it waar of de Jumbo mar meastal oer in oar. Ik fyn it dan wolris dreech yn te skatten oft ik gjin ferkearde dingen sein ha of sa. En oft alles wol wier is wat ik heard ha. Mar ach, in pear wiken fierder en je binne it wer ferjitten en is der al lang wer wat oars bard dêr’t oer praten wurdt.
Mar wannear wurdt praten no rabjen? Ik stie fan’t simmer mei myn skoansuster te praten en ja, we hiene it oer in oar. We praten ek net sa lûd dat elkenien it hearre koe mar ien fan ús bern neamde ús al de ‘roddeltantes’. ‘Wy rabje net, wy hawwe it gewoan earne oer,’ sei ik en úteinlik wie dat ek sa.
Hie ien fan ús no mei dat petear de dyk út gien en it tsjin in oar sein, dan hie it in oar ferhaal west en wierskynlik ek wurden. Mar dat hawwe wy net dien, dus de ynformaasje bliuwt yn ‘e famylje en dêr hâldt it mei op.
Nimmen is hillich en we sizze allegearre wol ris eat dêr’t we spyt fan hawwe. Dan kinne je sorry sizze of hoopje dat de oar it nea te hearren krijt. Je kinne it ek útprate sadat it aaklike skuldgefoel wer ferdwynt mar it bêste is om gewoan je fatsoen te bewarjen en net mei in ferhaal oan ‘e haal te gean.
Rabje is yn myn eagen dan ek  it gefolch fan it ûnfatsoen fan de minske. Je wolle ien tekoart dwaan, of efkes fijn skoare mei in wichtich nijtsje, sa as dat fan Jacob en Willem. Foardat je it witte is it hiele ferhaal út syn ferbân lutsen en dogge je in oar sear. Dat is rabje fan it heechste nivo!
Mar hoe’t it no presys mei Jacob en Willem sit dat sis ik lekker net. Want wat bart yn ‘e boskjes by de Omrop, bliuwt yn ‘e boskjes by de Omrop.''