Boat yn Drachten fernield troch fjoerwurk

© Srfotografie
In boat dy't oan it Bakboord yn Drachten lei, hat tongersdeitejûn fikse skea oprûn troch fjoerwurk. In ploechje freonen siet wat te drinken op de boat. Doe't in pear fan har nei hûs gienen, stutsen se in tal nitraatbommen ôf en smieten dy ûnder de boat. Doe't de eigener in pear oeren letter nei syn boat gie, seach er dat dy fol wetter stie.
De eigener belle de brânwacht. Dy hat de boat leechpompt. Yn de boat sieten trije grutte gatten. De eigener docht oanjefte fan fernieling.