Swarte Pyt? Roetpyt? Fryske Pyt... en Sint fansels!

10 nov 2016 - 23:11

Wylst hiel Nederlân wekker leit fan it dilemma Swarte Pyt of Roetpyt, hawwe se yn Westergeast al lang in oplossing fûn: Fryske Pyt! En by in Fryske Pyt heart fansels in Fryske Sint. Harren foto giet op it stuit as in tierelier op Facebook. Fiif fragen oan de betinkers fan dizze orizjinele draai oan de Goedhillichman en syn helper: Heine Steenstra, Froukje Steenstra, Willem Keizer en Wietske Keizer.

Hoe binne jim op it idee kaam?
"De foto is makke op ús doarpsfeest yn Westergeast ôfrûne simmer. It tema wie 'erfgoed' en dêr stiet neffens ús de Sint ek tusken. Mar mei it gedoch om Swarte Pyt hinne, seine wy: Dan alles mar yn it Frysk. Wy hawwe der ek noch in earfolle fermelding mei krigen!"

Hawwe jim de outfit sels makke?
"Foar in diel ha wy de klean kocht en foar in diel sels makke. Sint hie sels de Fryske scherjontsjes oan."

Rôp it in soad reaksjes op?
"Ja, we krigen wol reaksjes. Wat ús opfoel wiene de reaksjes fan de bern. Foar ús gefoel tochten sy dat wy de 'echten' wienen! Sy sjogge skynber net sa bot nei de kleuren. It wie fansels wol oars, mar miskien wie dat wol omdat it noch mar simmer wie!

En op de profylfoto op Facebook?
"Noh ja, protte?! Ik sjoch wol dat der in protte likes binne op ús side en yntusken wurdt er folop dield. (Letter op de jûn) It giet der om wei op Facebook! Ik hoopje mar dat it feroarjen fan in profylfoto gjin opskuor feroarsaket op it bernefeest."

Sille jim je no ek mei Sinteklaas sa ferklaaie of wie it ien kear foar it doarpsfeest?
"Nee, dat is net de bedoeling. Ik tink dat it in ienmalige aksje wie... of wolst ús ynhiere?"

(Advertinsje)
(Advertinsje)