Studinten út Leiden wolle Fryske kultuer snuve

Fjouwer studinten fan de Universiteit Leiden sille yn jannewaris trije wiken lang de Fryske kultuer ûndersykje. Sy moatte har yn it ramt fan in skoalprojekt ûnderdompelje yn de libbenswrâld fan de Friezen. Wat is typysk Frysk, wat binne Fryske gewoanten, wêr binne Friezen grutsk op?
Om dat út te finen, wolle se in skoftke by gastgesinnen wenje yn of by Drachten. "We hadden gehoord dat Leeuwarden niet heel typisch Fries is. Drachten is ook groot en ligt centraal", sa seit Samoa Greeve, ien fan de studinten.
Gastgesinnen dy't fan 2 oant 20 jannewaris ûnderdak biede wolle oan de studinten, kinne maile nei onderzoekdrachten@gmail.com.