Lintsjes útrikt oan Jousters foar frijwilligerswurk

© ANP
Piet Huitenga en Hanny Fischer-Bootsma fan De Jouwer hawwe tongersdei in keninklike ûnderskieding krigen foar harren wurk as frijwilliger, ûnder oare by De Zonnebloem. Beiden binne lid wurden yn de Oarder fan Oranje-Nassau. Boargemaster Fred Veenstra fan De Fryske Marren spjelde harren it lintsje op by it feest ta eare fan it 40-jierrich bestean fan de Jouster ôfdieling fan De Zonnebloem.
Piet Huitenga is al mear as 30 jier aktyf foar de Zonnebloem en docht ek al tsientallen jierren frijwilligerswurk foar de St. Mattheusparochy op De Jouwer. Ek Hanny Fischer-Bootsma is al mear as 30 jier aktyf by de Zonnebloem. Fierder helpt se ûnder oare al jierren skoalbern fan de St. Mattheusskoalle mei it rekkenjen.