Dosinte mooglik bêste learaar

website Friesland College © frieslandcollege.nl
Dosinte Manon Kuipers fan it Friesland College is ien fan de tsien finalisten fan de ferkiezing fan learaar fan it jier. Se docht mei foar de haadprizen yn de kategory MBO-dosinten. Se is de iennichste Fryske kandidaat.
Manon Kuipers waard troch har eigen learlingen foardroegen foar de ferkiezing. Se is dosinte by it MBO saaklike tsjinsferliening yn Ljouwert. Op 5 oktober wurdt de learaar fan it jier bekend makke. Dan is it oeral op de wrâld de Dei fan de Learaar.