Elektroanyske ierappel bringt kwaliteit ierappels yn byld

10 nov 2016 - 21:10

In app en in elektroanyske ierappel om de kwaliteit en de opbringst fan de ierappels al op it fjild yn byld te bringen. Beide produkten binne op 10 en 11 novimber te sjen op de Potato Days fan it ierappelbedriuw HZPC op 'e Jouwer.

De helpmiddels binne ûntwikkele troch it Agritechnologybedriuw Solentum, in folle dochter fan HZPC. Neffens Sander Meijerman fan Solentum meitsje beide produkten it wurk fan in boer makliker en effisjinter. Ek gean de fertsjinsten der troch omheech.

Mei de app wurde de ierappels metten en wurdt útrekkene hoefolle der fan it fjild komme. De elektroanyske ierappel wurdt tusken de echte ierappels yn de grûn brocht en hâldt de groei, de sûnens en de eventuele skea yn de gaten.

Op de ierappeldagen, dy't sûnt 1994 elk jier hâlden wurde, komme fakminsken út de hiele wrâld nei De Jouwer om de nijste ûntjouwingen yn de ierdappelbrânzje te hearren en te besjen.

(advertinsje)
(advertinsje)