UPDATE: lantearnepeallen yn Ljouwert dogge it wer

Yn in grut part fan Ljouwert wie tongersdeitejûn in steuring oan de iepenbiere ferljochting. Lantearnepeallen wienen út. It sinjaal fan it elektrisiteitnet om de ferlochting oan te setten wie net goed trochkommen. Dêrtroch wienen de ljochten op strjitte net oangien. Liander hie de steuring om kertier foar sânen hinne wer ferholpen.