Plomfeehâlder Rimer Dijkstra: "Ophokplicht is in goed ding"

10 nov 2016 - 17:37

De ophokplicht foar plomfee rekket ek Fryske plomfeehâlders. De maatregel is naam fanwege in nije fûgelgryp. Op ferskate plakken yn Europa binne deade wetterfûgels fûn dy't besmet binne mei it H5N8-firus. By Rimer Dijkstra fan De Lytse Jouwer waarden ôfrûne simmer al sa 'n 48.000 hinnen romme dy't besmet wiene mei de fûgelgryp. Hy kin him goed fine yn de nije maatregel. "Ik fyn it wol in goed ding. Kinst it better foar wêze, as achternei allegear maatregels nimme", sa seit Dijkstra.

Bestjoerslid Piet Faber fan LTO Noord is ek bliid mei de ophokplicht dy't steatssekretaris Van Dam ôfkundige hat.

(Advertinsje)
(Advertinsje)