Boskwachters kuierje mei âlderein yn Drents-Friese Wold

Tweintich boskwachters ha tongersdei de bosk yn west mei bewenners fan fersoargingshûs Riemsoord yn Appelskea. It wie in inisjatyf fan Steatsboskbehear Drinte. Dat organisearret ien kear yn it jier in sosjale middei. De minsken fan Riemsoord krigen earst kofje mei gebak yn it besikerssintrum fan it Drents-Friese Wold en dêrnei ha se mei de boskwachters de bosk yn west.