Frysk basisûnderwiis sit yn de lift

10 nov 2016 - 15:51
Underwiis - Foto: Omrop Fryslân

It giet neffens de ûnderwiisynspeksje better mei it Fryske basisûnderwiis. Yn Fryslân foldocht 99,1 persint fan de basisskoallen oan de minimum kwaliteitseasken foar ûnderwiis. Foarich jier wie dit noch 96,8 persint. Lanlik foldocht 98,1 prosint fan alle basisskoallen oan de noarm.

Der stean op it stuit twa Fryske basisskoallen op de list mei tige swakke Nederlânske basisskoallen. It giet om de Master Sperkhemskoalle yn Snits en de Schakel yn Dokkum. De list wurdt eltse moanne update op basis fan de nijste sifers.

Ynspeksje

Neffens de ûnderwiisynspeksje fertoant de kwaliteit fan it ûnderwiis op beide skoallen slimme tekoartkommingen. Om't de basiskwaliteit min is, yntinsivearret de ynspeksje it tafersjoch. Nije wike is der in nije ynspeksje en dan meie se mooglik ynkoarten wer fan de list ôf.

Op de list stean op it stuit 15 tige swakke Nederlânske skoallen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)