Guon bussen ride nij busstasjon Winsum foarby

10 nov 2016 - 12:50

It nije ferkearsfeilige krúspunt Winsum - healwei Ljouwert en Boalsert - wurdt tongersdei feestlik yn gebrûk nommen. De provinsje hat de saak dêr aardich oer de kop skuord; om de situaasje feiliger te meitsjen binne der nije op- en ôfritten makke, in nije minyrotonde en in nij busstasjon mei carpoolplak. De provinsje hat hjir 3 miljoen ynvestearre yn it ramt fan in ferkearsfeiliger N359 tusken Ljouwert en Boalsert.

Foarbyride

Winsum is bliid mei it eigen busstasjon mei oerkape fytsestalling en nije bushokjes. It nije busstasjon leit tichterby it doarp as de âlde bushalte en is ek ferkearsfeiliger. Mar de geregelde busreizgers binne der min oer te sprekken dat guon bussen tusken Ljouwert en Boalsert it nije busstasjon fan Winsum foarbyride. Busline 92 stoppet op dit stuit yn 'e spits mar twa kear yn 'e oere op dat nije busstasjon. Busline 192 stoppet tusken Ljouwert en Boalsert allinnich mar yn Wommels, mar rydt op dit stuit Winsum foarby.

Ekstra reistiid

Ien en oar hat neffens foarsitter Koops fan doarpsbelang te krijen mei de ekstra tiid dy't it oandwaan fan it nije busstasjon kostet. De bus moat yn de nije situaasje fan de N359 ôf, nei it nije busstasjon taride en letter wer werom de N359 op. Dat kostet mei-inoar in minút as fjouwer oan ekstra reistiid.

Arriva is fan doel om mei yngong fan de nije tsjinstregeling - en dy begjint op 11 desimber - yn de spits in oantal busritten yn de spits om te setten fan 192 yn 92. Dy bussen stopje dan op alle halten tusken Ljouwert en Boalsert en sadwaande ek op dat nije busstasjon fan Winsum.

Busreizgers dy't fierder moatte as Winsum binne net allegearre like entûsjast oer dat nije busstasjon. In busreizger út Easterein hie it tongersdeitemoarn op Twitter oer 'in tiidrôvjende omwei' en Arriva moat fansels ek mei dy lûden rekken hâlde.

Trefwurden: 
Winsum busstasjon busferfier
(advertinsje)
(advertinsje)