LTO Noord is bliid mei ophokplicht om fûgelgryp

10 nov 2016 - 11:19
Foto: ANP

Bestjoerslid Piet Faber fan LTO Noord is bliid mei de ophokplicht dy't steatssekretaris Van Dam ôfkundige hat. De steatssekretaris fynt de maatregel nedich omdat der yn oare Europeeske lannen in besmetlike fariant fan fûgelgryp foarkomt.

Faber wiist der op dat der ferline jier ek fûgelgryp wie en dat der doe pas maatregels naam waarden doe't de sykte ek yn Nederlân útbrutsen wie.

De ophokplicht jildt net foar hobbyboeren, mar Faber hopet dat dy sa ferstannich binne om sels har bisten binnendoar te hâlden.

Hege driging

Ek de NVP, de Nederlandse Vakbond Pluimveehouders, is tige bliid dat de oerheid in ophok- en ôfskermplicht ynsteld hat. Yn Dútslân, Eastenryk, Hongarije, Poalen en Switserlân binne wylde fûgels oantroffen mei besmetlike fûgelgryp fan it type H5N8. Yn Nederlân is yn Monnickendam in tal deade wylde wetterfûgels fûn.

"Er is zo'n hoge dreiging. We zijn daarom blij dat de overheid zijn verantwoordelijkheid heeft genomen. Hopelijk kunnen wij met deze gezamenlijke krachtige aanpak een uitbraak voorkomen. Alle bedrijven in de sector zullen de maatregelen ook zeker naleven. We hopen ook dat het nieuws de hobbyboeren bereikt'', seit foarsitter Hennie de Haan fan de NVP.

Undersyk

De deade fûgels dy't yn Nederlân fûn binne, wurde ûndersocht. "Dat is wel spannend. Ik heb begrepen dat er een incubatietijd is van acht tot veertien dagen. We zitten nog wel met samengeknepen billen en gaan hard duimen voor een goede uitslag.''

(Advertinsje)
(Advertinsje)