Seis Friezen foar de rjochter foar minskehannel

10 nov 2016 - 10:56

Yn de rjochtbank fan Ljouwert set tongersdei in grutte rjochtsaak oer minskehannel útein. Sân minsken, wêrfan seis út Fryslân wurde derfan fertochte dat se trije Braziliaanske froulju de prostitúsje yn holpen hawwe. Foar de saak wurdt fiif dagen útlutsen. Tongersdei is de earste dei, dan stiet de haadfertochte, in 30-jierrige frou út Ljouwert, foar de rjochter. Ien fan de slachtoffers easket in skeafergoeding fan 255.000 euro. It Iepenbier Ministearje wol 48.000 euro fan de haadfertochte hawwe foar har ûnrjochtmjittige ynkommen.

Beloften

De saak spile yn de jierren 2010 oant en mei 2013. De haadfertochte wurdt derfan fertocht dat se trije froulju nei Nederlân ta helle hawwe soe, mei de belofte dat se regulier wurk dwaan kinne soene. Bygelyks as kapper of oppas. De slachtoffers kamen lykwols yn de prostitúsje telâne, wêrby't se in part fan it jild oan de haadfertochte ôfjaan moasten. De oare fertochten soene de Ljouwerter poaier holpen hawwe mei bygelyks ferfier of it finen fan ûnderdak foar de froulju. Dizze fertochten komme ûnder oare út Droegeham, It Hearrenfean, Wytmarsum, Ljouwert en Grou.

Fiif dagen

De rjochtbank wol de saak de kommende fiif wurkdagen behannelje. Earst wurdt de saak úteinset, en wurde de persoanlike omstannichheden fan de fertochten behannele. Hjirnei krije de offisier fan justysje en de advokaten twa dagen foar it rekwisitoar en de pleidoaien. Ferslachjouwer Auke Zeldenrust docht foar Omrop Fryslân ferslach fan de saak.

(Advertinsje)
(Advertinsje)