Fan 0 oant 13 folslein op de Montessori toer

Yn Ljouwert wurdt tongersdei it alderearste Montessori Kindcentrum fan Noard-Nederlân iepene. Yn it sintrum, dat ûnderbrocht is yn it multyfunksjonele sintrum yn de Vrijheidswyk, wurdt in saneamde trochgeande ûntwikkelingslijn foar bern fan nul oant en mei 13 jier oanbean, en dat allegearre neffens it Montessori-konsept. Yn it Kindcentrum wurdt gearwurke troch de Ljouwerter Montessoriskoalle en de stifting Kinderopvang Friesland.
De missy fan it Montessori Kindcentrum is dat bern harren ûntwikkelje kinne ta selsstannige minsken. Dit wurdt dien oan de hân fan de ideeën en útgongspunten van Maria Montessori. Bern wurkje hjirby op harren eigen nivo, en yn harren eigen tempo. Sa hawwe de bern in behoarlike frije kar yn harren ûnderwiis.