Noordelijk Film Festival wol mear besikers lûke

09 nov 2016 - 22:26

Der moatte dit jier tsien persint mear besikers komme nei it Noordelijk Film Festival, dat fan woansdei oant en mei snein hâlden wurdt yn Ljouwert. Dêrop hopet de direktrise fan it festival, Jacqueline Schrijver.

Ferline jier luts it festival 20.000 minsken nei Ljouwert en dit jier moatte dat der 22.000 wurde. Yn de kommende jierren wol de organisaasje noch fierder groeie en net allinne op it mêd fan besikers. "We willen het festival steeds meer verspreiden over de stad", sa sei Schrijver.

Neffens har is it wichtich foar de Fryske haadstêd dat it filmfestival krekt dêr hâlden wurdt. De kommende dagen sille stedsskouboarch De Harmonie, poppodium Neushoorn en filmhûs Slieker it dekôr wêze fan it barren.

It festival is woansdei offisjeel iepene mei in dokumintêre oer skaken, dy't fertoand waard yn De Harmonie.

(advertinsje)