FNP net ferrast oer opstappen wethâlder Postma Achtkarspelen

Sjoerd Groenhof, fraksjefoarsitter fan de FNP yn de gemeente Achtkarspelen, is net ferrast oer it opstappen fan PvdA-wethâlder Gerda Postma. De situaasje yn de ried fan Achtkarspelen wie neffens Groenhof ûnhâldber foar de wethâlder. Se hie neffens him nea fia de efterdoar werom komme mocht as wethâlder, nei't it kolleezje dêr't sy as wethâlder ûnderdiel fan wie foar de simmer foel.
Sjoerd Groenhof
"It is spitich dat sa'n kundich wethâlder as Gerda Postma op dizze wize opstapt, mar de situaasje wie ûnhâldber, dus dat it net oars koe is dúdlik", seit Groenhof. "Ik fyn it spitich dat de PvdA in eigen wethâlder net genôch yn beskerming naam hat. De geloofwaardigheid is fier te sykjen."
De ferantwurdlikheid foar de ûnwurkbere situaasje yn Achtkarspelen leit neffens de FNP-foarman net allinnich by de PvdA. Ek it CDA en de ChristenUnie binne hjir ferantwurdlik foar, fynt Groenhof. Sy hiene net yn see gean moatten mei de PvdA.
Rinus Buising fan GemeenteBelangen
It opstappen fan Gerda Postma as wethâlder wie foar Rinus Buising fan GemeenteBelangen Achtkarspelen wol in ferrassing. "Dit is hiel ûnferwachte. It is it lêste wat ik no ferwachte hie", seit Buising.
Neffens him hie Postma net werom komme moatten as wethâlder, nei't se mei de oare wethâlders ôftrede moast yn it foarige kolleezje. "Dat se werom kaam wie foar ús ûnakseptabel. It opstappen is in stikje 'genoegdoening'", seit de fraksjefoarsitter fan Gemeentebelangen.
Gerda Postma
Gerda Postma stapte woansdei op as wethâlder fan Achtkarspelen. Se seit dat se net goed funksjonearje kin en dat se har doelstellingen op dy wize net helje kin. It is noch mar goed twa moannen lyn dat Postma op 'e nij ynstallearre waard as wethâlder foar de PvdA yn in kolleezje mei it CDA en de ChristenUnie.
Earder wie de koälysje fan PvdA mei de FNP en Gemeentebelangen Achtkarspelen stikken rûn nei ûnienichheid oer de begrutting. Gerda Postma wie ek wethâlder yn dat kolleezje.