UPDATE: Stijn Schaars falt blessearre út tsjin België

Stijn Schaars yn aksje foar Oranje © AWfoto.nl
Stijn Schaars begjint woansdeitejûn yn de oefenynterlân tsjin België yn de basis. Foar de middenfjilder fan SC Hearrenfean wurdt it syn 24e wedstriid yn Oranje. Yn maart 2014 spile Schaars tsjin Frankryk syn lêste ynterlân. De wedstriid tsjin België begjint om 20.45 oere yn de Amsterdam Arena.
Stijn Schaars hat in kertier meispile tsjin de Belgen. Mei in blessuere oan syn rjochter kût moast er nei de kant.