Keepersdei mei Tim Krul yn Dokkum grut súkses

09 nov 2016 - 19:56

Bern dy't keeperstraining krije fan topkeeper Tim Krul. Dizze dream waard woansdei foar tsientallen bern werklikheid op alwer de tredde edysje fan de Keepersdei yn Dokkum. Spesjaal fanút Amsterdam kaam Krul om de bern te begelieden. Neist Krul wienen ek Harm Zeinstra fan SC Cambuur en Sergio Padt fan FC Grins fan 'e partij.

Neffens Arno van Zwam fan de organisaasje, wie de keepersdei ek dit jier wer in sukses: "De bern leare hjir wat it is om (prof)keeper te wêzen en hoe't je dat ferbetterje kinne."

Ek Tim Krul fynt it in moaie erfaring: "Je ziet hoe snel die kinderen het oppikken, dat is mooi om te zien."

(Advertinsje)
(Advertinsje)