Plomfee moat binnen bliuwe fanwege fûgelgryp

09 nov 2016 - 19:30
Foto: ANP

Der is in ophok- en ôfskermingsplicht ynsteld foar plomfee. Alle bedriuwen dy't fûgels foar de produksje fan fleis, aaien en oare produkten hâlde, moatte de bisten binnen hâlde. Steatssekretaris Martijn van Dam van ekonomyske saken hat dêr woansdei ta oproppen.

De foarsoarchsmaatregel is neffens de minister nedich om't der yn oare Europeeske lannen by wylde fûgels in besmetlike fûgelgryp oantroffen is. It giet om it type H5N8. Ek yn Nederlân binne deade wylde wetterfûgels fûn. Oft dizze de fûgelgryp hiene, wurdt op it stuit ûndersocht.

De ophokplicht jildt foar hiel Nederlân.

Trefwurden: 
plomfee ophokplicht
(Advertinsje)
(Advertinsje)