Krapoan 300 balkons yn Ljouwert wurde ôfsletten

WoonFriesland slút út foarsoarch mear balkons ôf. De wenningkorporaasje hat yn sân haasten ûndersyk dien nei gelikense balkons as yn de Ljouwerter Curaçaostrjitte 29 oant en mei 47d.
Dêr waarden foarige wike alle balkons ôfsletten om't dy net feilich wêze soene. Ut it ûndersyk docht no dus bliken dat ek by de gebouwen fan WoonFriesland oan de Antillenwei, Prinsessewei en de Marijkewei yn Ljouwert de feilichheid net garandearre wurde kinne. De oarsaak is dat it stiel yn it beton te leech yn de betonflier leit.
Yn totaal wurde 273 balkons yn Ljouwert ôfsletten. De bewenners wurde dêr woansdei noch fan op 'e hichte brocht. Fanwegen de maatregel wurdt de hier tydlik ferlege.
Der wurdt troch WoonFriesland de kommende wiken wurke oan in strukturele oplossing.